Protestantse Kerk in Nederland
Protestantse gemeente Dokkum - Aalzum - Wetsens
 
 

zo 24 februari 2019

Kerkdienst in de Grote Kerk met ds. P. Beintema Fryske tjinst

Tijdstip: 
 9.30

Liturgy op snein 24 febrewaris 2019 yn de Grutte Tsjerke fan Dokkum

Meidielings

* Psalm 130: 3,4
Sprek dochs jo wurd, o Heare,
dat ik Jo hearre mei.
Ik fiel my sa beneare
meitsje myn nacht wer dei.
Ja, mear noch as de wachters 
útsjogge nei de moarn
yn lange tsjust're nachten,
langj' ik nei Jo aloan.

Lit, Israel, yn 't lijen 
de hoop net ûndergean,
want Hy sil dy befrije
en oan dyn side stean. 
By Him fynsto wer frede
en goedens sûnder ein.
Hy hat dy yn genede
ferjûn, do bist wer rein. 

Bemoediging en groetenis
Kyriëgebed
Gloarialied: Liet 657: 2
Al kin ik sels net sjonge
omdat it my beset,
it liet op oare tongen
seit: God ferjit dy net!
Troch azemneed befongen,
of troch fertriet soms stil:
jo liet fan langst te sjongen
hat my nei 't ljocht ta tild.

It tsjuster kin ferblikke
troch psalmen yn 'e nacht.
De muorren kinne falle:
sjong dan út alle macht!
God, lit ek yn ús dagen
de himelhege sang
ús heine en ús drage
ús leave libben lang.

Gebed bij de Skriftlêzingen
Skriftlêzing: Ester 8: 3-8 en 9: 1-5
* Psalm 27: 3
Syn hûs wol as in skûle my beskutte,
myn tinte' en tahâld op 'e kweade dei.
Hy berget my yn 't binnenst fan syn hutte,
sa komt gjin wrede fijân my benei.
As op in rots ferhege, sterk en steech,
sil ik yn 't hillichdom, de holl' omheech,
mei sang en klang by 't geurich offerfjoer
myn Rêder romj' en loovje oer en oer.

Skriftlêzing: Ester 9: 20-22
* Psalm 27: 1,7
God is myn ljocht en heil op wa't ik bouwe,
by wa't ik skûlje kin yn feilichheid.
Hoe soe 'k dan fan fijannich folk besauwe,
dat lyk in leger om my hinne leit?
Al wolle hja manmachtich oer my gear,
ik bin net bang, myn taflecht is de Hear.
Hja stuitsj' en falle foar Gods hege wil:
Hy is 't dy't my behâld' en rêde sil.

Hie ik net leaud, soe ik net fêst fertrouwe
dat ik Gods goedens om my hinne seach,
koe 'k yn dit libben op syn heil net bouwe,
ik wie fergien yn al myn pin' en pleach.
Jou gjin belies, haw goede moed, myn hert,
hoopj' op 'e Hear, Hy komt, ferjit dy net.
Wês sterk en stel op syn oerwinningsdei
dyn hop' en wit, de Hear is kommenswei!

Skriftlêzing: Lukas 6: 27-36
* Liet 991: 1,2,6,7





 



 
[Liet 991: 1,2,6,7]

De earsten binn' de lêsten,
wa't neikomt, giet foarop;
hja moatte net hastich wêze,
dy't libje fan de hoop.

Mei God ús dochs bewarje,
wy sjogg' inoarren stean:
de iene broer ken de oare
as ien om foar te gean.

Sa heech binn' Gods gedachten,
dy geane nea teloar
wa't foar wie, dy bliuwt achter,
wa't achterbleau, giet foar.

Ferachtsje net de lytsen 
en hâldt ferlernen heech,
want God neamt harren sines,
en hâldt har yn it each.

Ferkundiging
* Liet 283
Yn ‘e mannichte fan lûden,
yn it stoarmjen fan ‘e tiid,
sykje wy it sêft sûzjen
fan it wurd dat freugde biedt.

Rûnom wei, yn dit fermidden
ha wy nei ien boarne socht,
nije dreamen woll' w'om bidde
en ús rjochtsje nei it ljocht.

Want wy minsken hjir op ierde
wurde wurch fan nacht en kwea.
Soene Jo, Hear, ús net liede
dan oermanne ús de dea.

Lit ús yn jo frede diele,
lit him delkomm' as de dau,
wol ús heine yn 'e strielen
fan jo goedens en jo trou.

Jo dy't ús by namme neame,
leafde jouwe dei oan dei:
sjongend sille wy Jo earje
en dit hiele hûs sjongt mei.

Gebeden
Ynsammeling

*  Liet 977: 1,2,5
O minske, gean der dochs op út
en sjoch hoe't alles wer ûntsprút,
wol no de maaitiid fiere.
De tunen stean yn blommepracht
as tsjûgen fan de skeppingsmacht
dy't God ús iepenbiere,

De beammen stean al wer yn 't blêd,
de ierde is mei gewaaks beset,
no kleurje grien de greiden.
De titelroas en hagedoarn
dy bylkje hjoed noch wol sa skoan
as Salomo him klaaide.

Om't ik safolle freugde fyn
hâld ik my langer net mear yn,
no't sels de dea oerwûn is.
No't alles sjongt, sjong ik ek mei,
ús lofliet klinkt aloan en wei
om 't libben dat ús jûn is.

Segen

 


... wie der by de Joaden blydskip en freugde, feestmiel en feestdei.  (Ester 8:17)
Sa sloegen de Joaden har fijannen mei it skerpe swurd, ta de dea en ta de ferdylging. (Ester 9:5)
Dy dagen moasten se dagen fan feestmiel en wille fan meitsje.... (Ester 9: 22
Haw jim fijannen leaf, doch de lju dy't mjim haatsje goed.... (Lukas 6: 27)
Wês barmhertich lykas jimme Heit dat is. (Lukas 6: 36)
 

terug
 


 
 
 

Kerkdienst in de Grote Kerk met ds. H.F. de Vries
datum en tijdstip 26-05-2019 om 09:30
meer details

Kerkdiensten wijk 1
datum en tijdstip 26-05-2019 om 9.30
meer details

Open Kerk
datum en tijdstip 29-05-2019 om 14.00
meer details

Inloophuis
datum en tijdstip 29-05-2019 om 14.30
meer details

Open Kerk
datum en tijdstip 30-05-2019 om 14.00
meer details

Kerkdiensten wijk 1
datum en tijdstip 30-05-2019 om 9.30
meer details

Open Kerk
datum en tijdstip 31-05-2019 om 14.00
meer details

Open Kerk
datum en tijdstip 01-06-2019 om 14.00
meer details

Kerkdiensten in Wijk 1
datum en tijdstip 02-06-2019 om 9.30
meer details

Moderamenvergadering wijk 2
datum en tijdstip 03-06-2019 om
meer details

 
Links



 
Contact
Kerkelijk bureau
Harddraversdijk 1
9101 XA Dokkum
Email: 
Telefoon: 0519-293650
  meer
 




Vragen/opmerkingen
over deze site via:


Of via formulier : LINK

Privacy

 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.