zondag 22 februari 2026

Kerkdienst vanuit De Herberg ook te bekijken via kerkomroep

Datum: 
 zondag 22 februari 2026
Tijdstip: 
 09:30 uur
Locatie: 
 De Herberg

Protestantse Gemeente Dokkum-Aalsum-Wetsens
                   

Foar de tsjinst: Liet 864: 1,2,4

Wolkom en meidielings

Yntochtsliet: Psalm 91: 1,5


Stil gebed, bemoediging en groetenis

Kyriegebed
Liet 547: 1,2,3
Gebed foar de Skriftlêzingen
Oandacht foar de bern

  • Berneliet:
  • De bern nei foaren
  • De bern nimme it ljocht mei

Skriftlêzing: Psalm 22: 1-12
1Foar de dirigint. Op: De ree fan it moarntydsrea. In Davidspsalm.
2Myn God, myn God, wêrom ha Jo my ferlitten,
wêrom bliuwe Jo sa fier by myn gekryt;
sa fier no’t ik om útkomst rop?
3Myn God, ik rop by dei, mar Jo jouwe gjin antwurd,
en ek nachts doch ik gjin lichten.
4En dochs binne Jo de Hillige,
dy’t troanet op de lofprizingen fan Israel;
5op Jo hawwe ús foarfaars betroud,
se hawwe betroud en Jo brochten har útrêding;
6lûd rôpen se oan Jo en hja waarden befrijd,
op Jo ha se betroud en stienen net foar skande.
7Mar ik, ik bin in wjirm en gjin man,
in minskegriis en in folksskandaal.
8Elk dy’t my sjocht, hat de gek mei my,
se gnize en skodholje:
9Hy hat it op ’e Heare oankomme litten; lit Dy him helpe!
Lit Dy him rêde, as er safolle mei him op hat!
10En dochs hawwe Jo my út memme skurte heind
en my feilich oan memme boarst lein.
11Ik bin fan memme liif ôf op jo noed,
sûnt memme skurte binne Jo myn God.
12Bliuw net fier fan my, want de benearing is deun by
en der is ommers oars gjinien dy’t helpt.

Liet 23c: 1,2,3
Skriftlêzing: Psalm 22: 23-25
23Ik sil jo gloarje oan myn bruorren fertelle,
yn ’e gemeente Jo priizje.
24O minsken dy’t ûntsach foar de Heare hawwe, priizje Him,
Jakobs hiele neiteam, earje Him.
Israels hiele neigeslacht, bliuw earbiedich op in distânsje stean.
25Want Hy hat net ferachte en net ferspuid
it leed fan de ellindige,
him net de rêch takeard,
mar nei him harke, doe’t er oan Him rôp.

Liet 23c: 4,5
Skriftlêzing:   Matteüs 4: 1-11     
1Doe waard Jezus troch de Geast yn ’e woestyn brocht om troch de duvel hifke te wurden. 2Nei’t Er fjirtich dagen en fjirtich nachten gjin iten hân hie, wie Er úthongere. 3Doe kaam de ferlieder op Him ta en sei: As Jo Soan fan God binne, hjit dy stiennen hjir dan ris, dat se yn brea feroarje. 4Jezus sei dêrop: Der stiet yn ’e Skrift:
Net fan brea allinne sil de minske libje,
mar fan alles wat út Gods mûle komt.
5Doe naam de duvel Him mei nei de hillige stêd, sette him op ’e râne fan it timpeldak 6en sei: As Jo Soan fan God binne, lit Josels hjir dan by del falle. Der stiet ommers yn ’e Skrift:
Syn ingels sil Er hjitte op Jo te passen
en mei de hannen sille se Jo opheine,
dat Jo net in foet oan in stien stjitte.
7Jezus sei werom: Der stiet ek:
Do meist de Hear dyn God net earne op fergje.
8Nochris naam de duvel Him mei, no nei in tige hege berch. Hy liet Him alle keninkriken fan ’e wrâld yn al har hearlikheid sjen 9en sei: Dit sil ik Jo allegearre jaan, as Jo yn oanbidding foar my op ’e knibbels falle. 10Doe sei Jezus tsjin him: Fuort, Satan, der stiet ommers yn ’e Skrift:
De Hear, dyn God, silst oanbidde
en Him allinne tsjinstber wêze.
11Doe liet de Satan Him mei rêst, en sjoch, ingels kamen om Him te fersoargjen.

Liet 538     
Oertinking                                                                       
Liet 902: 1,5,6

Bern komme werom

Betinking??       
Gebeden en foarbeden, stilte, ús Heit
1. God fan fier en hein ús Heit,
dat wy hilligje jo namme,
ûnder ús sa faak ûntwijd,
troch jo eigen bern beskamme.

2. Bûch de folken nei jo wet,
lit jo ryk op ierde komme.
Byn jo wil ús op it hert
en wy sykhelje ferromme.

3. Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou wat wy misdiene,
sa’t ek wy ferjûn ha, Hear,
al dy’t skuldich foar ús stiene.

4. Lit oer ús gjin neare nacht,
lied ús net yn blyn begearen.
Binne wy yn duvels macht,
Hear, ferlos ús fan ‘e kweade.

5. God fan fier en hein ús Heit,
wûnder heimnis is jo namme,
grut yn krêft en hearlikheid,
oant yn alle tiden. Amen


Ynsammeling
Liet 863: 5,6
Segen  
 

terug
 


×